De Korte: prate mei Williamson

Biskop De Korte fan bisdom Grins-Ljouwert
Biskop De_Korte fan it bisdom Grins- Ljouwert fynt dat der in stevich petear komme mei de Ingelske biskop Richard Williamson. Dy beweart dat der yn de Twadde Wrâldkriich gjin seis miljoen Joaden fergast binne. De_Korte neamt dy opfetting absurd.
Koartlyn hat de paus de earder ekskommunisearre Williamson wer yn genede oannommen om mear ienheid yn de katolike tsjerke te krijen. Op dit beslút is no in soad krityk fanwege de opfettings fan Williamson.