Koopmans: ûndernimmerspriis

© Omrop Fryslân
Koopmans Koninklijke Meelfabrieken yn Ljouwert is winner wurden fan de Ljouwerter ûndernimmerspriis 2008. Dat hat in sjuery ûnder lieding fan wethâlder Henk_Deinum fan Ljouwert moandeitemiddei bekendmakke.
Koopmans krijt de priis omdat it bedriuw yn 2008 in flinke omsetgroei helle hat en bot ynvestearre hat yn ferskate nije moalprodukten. Direkteur Minne_Dykstra fan Koopmans naam de priis, dy´t bestiet út in brûnzen byld en in oarkonde, yn ûntfangst.