´Kadastercheck´ by útkearing

© Omrop Fryslân
Friezen mei in bystânsútkearing sille fan dizze moanne ôf stranger kontrolearre wurde op harren ûnreplike besittings lykas in hûs of in stik grûn. Mei it projekt Kadastercheck wurde harren kadastergegevens frij beskikber foar gemeenten.
Dy kinne sa ûndersykje oft minsken earlik west ha oer harren besit. As dat net sa is, moatte se jild werom betelje of wurde se ferfolge. Mei-inoar sille 130 gemeenten yn Noardeast-Nederlân de Kadastercheck útfiere.