Soad skea by muzykskoalle

De muzykskoalle fan Burgum is slim dupearre troch de brân fan snein. De muzyklessen fan de Wâldsang geane moandei en tiisdei net troch. De njoggen kliïnten fan Talant dy´t yn twa lokalen harren deibesteging hawwe, binne nei hûs stjoerd. Yn ien fan dy lokalen is snein brân ûntstien.
De plysje siket noch tsjûgen. De kâns is grut dat de skeapost noch fierder oprint as gefolch fan de skea dy´t de reek oan ynstruminten tabrocht hat. De gemeente is eigner fan it gebou.