Mid-Fryslân profitearret net

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân koene snein net profitearje fan de misstap fan koprinner Vada. Yn de sealkuorbalhaadklasse ferlear Vada mei grut ferskil fan Tempo: 31-13. Mid-Fryslân hie by winst op Groen Geel yn Wormer op ien punt fan Vada komme kinnen. De ploech út Reduzum en Grou ferlear lykwols mei 24-22 en bliuwt op trije punten stean.
SCO ferlear by De Meervogels mei 16-14. Drachten kaam dit wykein net yn aksje.