Brân troch frituerpanne

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is sneon ferwûne rekke by in brân yn syn wenning oan de Boargemaster Jockemastrjitte.
Yn de keuken sloech de flam yn de frituerpanne. Doe't de man de brânende panne nei bûten smiet, krige er brânwûnen oan syn earms en fuotten. Hy is mei de ambulânse nei it MCL-sikehûs yn Ljouwert brocht. De keuken hie skea troch de brân.