VVD: Ljouwert justysjestêd

Ljouwert moat haadlokaasje foar de noardlike rjochtbanken wurde. Dat fynt de VVD yn Ljouwert.
Der binne plannen om de rjochtbanken yn Nederlân gear te foegjen, sadat der alve regionale klusters komme. De presidint fan de haadlokaasje soe de baas fan sa'n kluster wurde. Yn it Noarden soe dat de presidint fan de Grinzer rjochtbank wêze. De VVD fynt dat Ljouwert as justysjestêd, mei in rjochtbank, in gerjochtshôf en it CJIB haadlokaasje wurde moat.