Underskieding foar Wadvaarder

Foarsitter Maarten Snel fan de feriening Wadvaarders hat sneon yn Harns in keninklike ûnderskieding krigen. Dat wie op de jiergearkomst fan de feriening, dêr't Snel ek ôfskied naam as foarsitter.
Hy krige de ûnderskieding fanwege syn ynset foar de Wadvaarders. Snel hat soarge foar in earekoade foar it droechfallen op it Waad en hy set him der ek foar yn om it Waadgebiet op de wrâlderfguodlist te krijen.