Strop foar Snits Wyt Swart

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Snits Wyt Swart hat in strop fan 20.000 euro omdat de KNVB dit wykein in streek helle troch alle amateurfuotbalwedstriden. Foar snein stie de twastriid tsjin De Jouwer op it program. Dêrby waarden mear as 3000 besikers ferwachte. Dat giet no oer.
Haadklasser Snits Wyt Swart fuotballet op keunstgers en wol dat de KNVB tenei mear rekken hâldt mei klubs dy't ynvestearre hawwe yn sokke fjilden. It bestjoer sil de kwestje op it aljemint bringe by de KNVB.