Thijsje Oenema net nei WK

Thijsje Oenema
Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer is der net yn slagge har te pleatsen op de 500 meter foar it WK ôfstannen yn Vancouver. By de wrâldbekerwedstriden yn Erfurt waard Oenema tolfde yn 38,85. Dat wie krekt net rap genôch. Marianne Timmer, dy't troch in ljiskblessuere sneon net yn aksje kaam, hie freed 38,78 riden.
Marianne Timmer sil no mei Annette Gerritsen en Margot Boer Nederlân fertsjintwurdigje op de 500 meter.