Frou slein mei autokrik

© Omrop Fryslân
In frou (26) út Drachten is yn de nacht nei sneon op It Hearrenfean mishannele mei in autokrik. De frou wie krekt yn de auto stapt, doe't ien de autodoar iependie en har mei de krik yn de side sloech. De frou en twa passazjiers, naaiden gau út.
Bûten de auto sloech de man de frou noch in kear, dêrnei slagge se deryn om fuort te kommen. De fertochte stapte doe yn in klearsteande auto. De plysje hat him noch net fûn. It slachtoffer hie kniezings en skaafwûnen.