Jonge jout oerfaller klappen

In 14-jierrige jonge út Ljouwert hat him freed in oerfaller fan it liif holden. De jonge fytste freedtejûn oer de Egelantierstrjitte yn Ljouwert, doe't in ûnbekende man him fan de fyts sloech.
De man besocht de fyts ôf te pakken, mar de jonge koe dat foarkomme troch de oerfaller in pear klappen te jaan. De fertochte naaide doe hurd út. De plysje freget tsjûgen fan it foarfal oft se har melde wolle.