Wrâldrekord rolstoelbasketbal

Erica Terpstra mei de rolstoelbasketballers
It besykjen om it wrâldrekord rolstoelbasketbal te ferbetterjen is sneontemoarn slagge yn de sporthal fan Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach. It rekord stie op 26 oeren en trije minuten.
Oan it rekord sit ek noch in goed doel fêst, de Ronald McDonaldhoeve, dy't yn Beetstersweach komme moat. Dêr kinne bern mei in handikap boartsje, sporte en oernachtsje, mei freonen en famylje. Der is hast 10.000 euro binnenhelle mei dizze rekordaksje.