Man rydt yn stellen auto

© Omrop Fryslân
Op de Nanningawei yn Easterwâlde hat de plysje freedtejûn in 25-jierrige automobilist út Winschoten oanholden. De man foel op, omdat er eins neat sjen koe yn ferbân mei beferzen ruten.
By de oanhâlding die fierder bliken dat de fertochte yn de auto ried sûnder tastimming fan de eigner. Ek wie de man út Winschoten net yn it besit fan in jildich rydbewiis. De man is oerbrocht nei it plysjeburo. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.