'Ien wet foar de Waadsee'

Der moat ien wet komme en ien behearder foar de Waadsee. Dat fine de feriening fan Waadfarders en de Waadferiening. Se binne it wol iens oer it gebrûk fan de Waadsee, mar der binne fiif ministearjes dy't wat te sizzen ha oer it natuergebiet en dat wurket net. It is in rommeltsje.
Dat waard sneontemoarn sein op de jierlikse gearkomste fan de rekreative Waadfarders yn Harns. Foarsitter Maarten Snel sei dat er tige tefreden is oer de gearwurking mei de ferienings.