Maria Sterk kampioene

© Omrop Fryslân
Maria Sterk hat sneontemoarn it iepen Nederlânsk kampioenskip maratonreedriden op de Weissensee wûn. De ynwenster fan Hallum kaam nei 60 kilometer yn 1 oere en 53 minuten allinnich oer de einstreek. Erna Kijk in de Vegte waard twadde op in dikke minút.
Cindy van den Berg waard tredde, Sandra 't Hart fan It Hearrenfean fjirde. Elma de Vries, ploechgenoate fan Maria Sterk, waard sânde.