Stenden siket 33 nije minsken

© Omrop Fryslân
De Stenden Hegeskoalle, mei festigingen yn ûnder oare Ljouwert, Grins en Emmen, is op syk nei 33 nije meiwurkers. It giet om dosinten, mar ek om funksjes yn de ict, marketing en kommunikaasje en ynkeap. Der wurde ek minsken socht foar de festiging yn Katar.
It grut tal fakatueres is ûntstien troch de groei fan de hegeskoalle. Sa begjinne der yn febrewaris hast 20 prosint mear studinten oan de hegeskoalle as ferline jier.