Hans Konst PvdA-deputearre

Hans Konst
Hans_Konst wurdt foardroegen om de nije deputearre fan de PvdA te wurden. Dat is freed troch de PvdA bekend makke. De 50-jierrige Konst wurdt dêrmei de opfolger fan Anita Andriesen, dy´t yn desimber ferline jier ferstoar.
Hans Konst wennet yn Harns en is sûnt april 2004 lid fan Provinsjale Steaten. Hy is PvdA-wurdfierder op it mêd fan wetter en foar in part ek foar de portefeuille Ferkear en Ferfier. Hy is ek fice-fraksjefoarsitter.