Earste ambulânse op ierdgas

De ierdgasambulânse by in tankstasjon
Fryslân krijt de primeur fan de earste Nederlânske ambulânse op ierdgas. De sikeauto sil fan maaie ôf ride yn Drachten. It giet earst om it reguliere pasjinteferfier. Foar´t de sikewein ynset wurdt yn akute situaasjes moat der ûnderfining opdien wurde mei it riden mei hege snelheid.
Neffens Kielstra_Ambulancegroep, dy´t de ierdgasambulânse ride litte wol, kin oerskeakele wurde fan gas nei benzine, as der problemen binne.