Spekulant warber yn Eastersee

De Eastersee-prospektus fan Grondgedachte
Yn Lemsterlân is in spekulant warber dy´t grûn oanbiedt yn it agrarysk gebiet oan de Beukeleane yn Eastersee-Buren. Potinsjele keapers wurdt foarspegele dat der yn de takomst wenningen op boud wurde kinne. De gemeente seit dat dat perfoarst net wier is.
Yn it nije bestimmingsplan Eastersee-Buren stiet neat oer mooglike wentebou op de bewuste lokaasje. Ek op it neistlizzende bestimmingsplan leit in agraryske bestimming.