René van der Weij nei De Harkema

© Omrop Fryslân
René_van_der_Weij spilet fan takom seizoen ôf foar sneonshaadklasser Harkemase_Boys. De Ljouwerter oanfaller komt dan oer fan PKC´83 út Grins. Van der Weij spile fan 2004 oant 2008 foar SC_Cambuur. Mar dêr waard syn kontrakt ferline jier net ferlingd. Earder wie hy ek aktyf foar SC_Hearrenfean.
Van der Weij is de earste spiler dy´t Harkemase Boys foar it kommende seizoen fêstleit.