Bernefilmfestival yn Drachten

Goed 1200 skoalbern gean tongersdei yn Drachten nei de bioskoop. Dêr kinne se in film sjen dêr´t bern de haadrol yn spylje en ek krije se ynformaasje oer de rjochten fan bern.
It inisjatyf fan ´e bernefilmdei is fan ´e soroptimisten, in frouljusserviceklub dy´t har ûnder oare ynset foar de rjochten fan bern. Net allinnich de bern fine film sjen ûnder skoaltiid moai, it past ek goed yn it ûnderwiis.