VNO/NCW: nota's gau betelje

© Omrop Fryslân
Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noord hat alle gemeente- en provinsjebestjoeren oproppen om rekkens sa gau mooglik te beteljen.
Troch de resesje ha hieltyd mear bedriuwen problemen om oan harren betellingsferplichtingen te foldwaan. Neffens VNO-NCW Noord is it dêrom wichtich dat gemeenten en provinsjes rekkens gau betelje. It hat dêroer in brief stjoerd oan de kolleezjes fan b en w en deputearre steaten yn Noard-Nederlân.