KNRM 326 kear yn aksje

© Omrop Fryslân
De KNRM, de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij, is yn 2008 326 kear útfearn fan de 9 rêdingstasjons yn Fryslân. Yn 2007 wie dat 331 kear.
It rêdingstasjon fan Skiermûntseach moast it faakst yn aksje komme: 63 kear. Fan De Lemmer ôf wie dat 61 kear. De KNRM moast foaral útfarre nei navigaasje-flaters en motorsteuringen. Dêrtroch kamen boaten fêst te sitten of rekken se stjoerleas. De rêdingboat fan It Amelân hat yn 2008 de measte pasjinten nei de fêste wâl brocht: 94.