Frihals: heale coverbandfinale

© Omrop Fryslân
De Fryske band Frihals docht op 7 maart mei oan de heale finale fan ´e Clash of the Coverbands. Dêrmei is Frihals de iennichste Fryske band dy´t meidocht oan ´e talintejacht foar coverbands.
Yn de trije foarrondes wûn Frihals sawol publyks- as sjueryprizen. Op 7 maart docht de band mei oan ien fan de twa heale finales. Dat sil wêze yn Paradiso yn Amsterdam. De finale is letter yn Tilburch.