Westlands Mannenkoar: folksliet

it Westlands Mannenkoor is al oan it oefenjen
Net it fluitsje fan ´e skiedsrjochter mar it Westlands Mannenkoar út Naaldwyk sil op 14 maart de fuotbalwedstriid tusken SC_Hearrenfean en Sparta_Rotterdam iepenje.
It 150 man sterke koar sil op de middenstip fan it Abe Lenstrastadion it Frysk folksliet sjonge. De stunt is betocht troch in Hearrenfeansupporter en in Spartafan.