SC Cambuur klear foar Fortuna

Jeffrey de Visscher: fan Aberdeen nei Ljouwert
Sportklub_Cambuur is klear foar de ynhelwedstriid tsjin Fortuna_Sittard. De wedstriid waard ôfrûne freed ôflast fanwege it wiete fjild. Allinnich oanfaller Mark_de_Vries en ferdigeners Randy Rustenberg en Chris_de_Wagt binne der net by troch blessueres.
De nije oanwinst Jeffrey_de_Visscher kin wol spylje en it is net útsluten dat er yn de basis begjint. Fortuna Sittard stiet boppeoan yn de fjirde perioade en hat de lêste fjouwer wedstriden wûn.