Fryslân: minder skoalferlitters

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân hâlde minder skoalbern mei har oplieding op as lanlik yn trochsneed. Allinnich yn Oerisel binne noch minder skoalferlitters. Yn Fryslân giet 3,1 persint fan ´e bern fan skoalle sûnder diploma.
Yn Noard-Hollân is it tal skoalferlitters it grutst. Dêr hâldt hast ien op ´e tweintich bern te betiid mei de oplieding op. Benammen yn de grutte stêden is it skoalferlittersprobleem grut. Yn Rotterdam hellet ien op fjirtjin gjin diploma.