Flyers ferslaan koprinner: 5-2

Winst foar de Hajé Flyers op Den Haach (foto Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Hajé Flyers ha sneontejûn mei 5-2 wûn fan koprinner HIJS Den Haach. De perioadestannen wiene 2-1, 2-1 en 1-0.
De Flyers kamen op 2-0 troch goals fan Sander Dijkstra en Hans Kroon. De besikers kamen werom ta 2-2, mar in troch Paul Vincent benutte penaltyshot sette de thúsploech wer op foarsprong. Jamie Visser en nochris Vincent bepaalden de einstân op 5-2. Snein spylje de Flyers wer, dan moatte se op besite by Tilburch.