Winst en ferlies kuorballers

© Omrop Fryslân
Mid-Fryslân hat sneontejûn yn de sealkuorbalhaadklasse mei 26-23 fan De Meervogels wûn. By it skoft wie it 16-11. De foarsprong waard noch grutter (19-11), mar de ploech út Zoetermeer kaam werom oant 23-22. Jose van der Werf wie produktyf oan de kant fan MF.
Drachten ferlear yn deselde klasse mei 25-22 fan Groen Geel. Foar de Drachtsters wurdt it hieltyd dreger om de degradaasje te ûntrinnen. Koprinner Vada ferlear by Die Haghe en hat no noch trije punten foarsprong op MF.