Sportstroom is in súkses

© Omrop Fryslân
It inisjatyf sportstroom.nl fan Geert Mandema slacht goed oan. De foarsitter fan hockeyklub 'de Graspiepers' yn Drachten betocht fiif jier lyn om mei in tal sportferienings koarting te freegjen by enerzjybedriuwen. Op dit stuit binne der al 811 ferienings lid
Der is ek in proef geande mei Heineken en ferienings kinne ek besparje op fersekeringen en gastanks. Neffens Mandema kinne ferienings wol sa'n 1000 euro per jier besparje.