VVD-krityk op WMO yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De VVD-Ljouwert fynt dat de gemeente har tsjinstferliening op it mêd fan de Wet Maatschappelijke Ondersteuning (WMO) net goed op oarder hat. Foar boargers dy´t gebrûkmeitsje wolle fan foarsjennings as in oanpaste wenning is de gemeente net goed te berikken.
Op ynternet is it WMO-loket dreech te finen en tillefoanyske fragen soene net goed ôfhannele wurde. In echt WMO-loket yn it stedskantoar is der ek noch net. De VVD wol dat B en W dêr gau wat oan docht.