Jorritsma:ûntslach foar 70 man

© Omrop Fryslân
Jorritsma_Bouw hat foar de festiging yn Grins ûntslach oanfrege foar santich meiwurkers. Dat hat it bedriuw oan it personiel bekendmakke. Jorritsma Bouw hat te krijen mei bouprojekten dy´t útsteld wurde of sels net trochgean.
De aktiviteiten yn Grins wurde no ûnderbrocht by de haadfestiging yn Boalsert. Fan ´e santich minsken dêr´t ûntslach foar oanfrege is, kinne nei alle gedachten sa´n tritich oan ´e slach bliuwe yn Grins.