Nij MFS Triemen/Westergeast

Op dit plak komt it nije multifunksjonele sintrum
De gemeenteried fan Kollumerlân is tongersdei akkoart gien mei de komst fan in multyfunksjoneel sintrum en brede skoalle foar De_Triemen en Westergeast. It sintrum wurdt boud oan de Eelke_Meinertswei yn Westergeast. Der is sa´n trije jier wurke oan de plannen.
It sintrum moat in plak wurde foar sawol jong as âld. Yn dielplannen binne al tal fan aktiviteiten útwurke op it mêd fan ûnderwiis, soarch en opfang.