Omset fiskôfslach 5% sakke

Lanlik sakke de omset 12,5 prosint
De omset fan de fiskôfslach yn Lauwerseach is foarich jier werom rûn mei fiif prosint nei sawat 21 miljoen euro. Lanlik sjoen lei it weromrinnen op 12,5 prosint. Dat lit it Nasjonaal oerlis fan de fiskôfslaggen witte.
It sakjen fan de omset hat te krijen mei it feit dat der hieltyd minder fiskers oerbliuwe. Ek waard minder foar de fisk betelle. De fiskôfslach fan Lauwerseach hellet in soad omset út de garnalefiskerij en dy prizen giene krekt wer wat omheech.