Brommerlessen djoer nei 2010

De jongerein is net bliid mei it praktykeksamen
De ferkeap fan skooters en brommers kin wolris flink minder wurde mei de ynfiering fan it praktykeksamen foar de bromfyts. Fan 2010 ôf moatte nije brommerriders net allinnich in teory-eksamen dwaan, mar ek noch fjouwer praktyklessen folgje. Dat makke ferkearsminister Eurlings hjoed bekend.
De kosten fan dy lessen binne hast 400 euro en dat is foaral foar jongeren tefolle jild. Sy sparje dan leaver troch foar it autorydbewiis.