De Vries ferfangt Wennemars

© Omrop Fryslân
Reedrider Sjoerd_de_Vries fan Twellingea ferfangt de blessearre Erben Wennemars op de 1.000 meter by de wrâldbekerwedstriden dit wykein yn Kolomna en yn Erfurt, ein jannewaris. De reedrider fan de DSB ploech foel begjin jannewaris op it NK sprint yn Grins krekt bûten de kwalifikaasjeplakken.
Erben_Wennemars komt nei syn fal yn Moskou dit seizoen net mear yn aksje.