Plasterk krijt Frysk wurdboek

© Omrop Fryslân
Minister Plasterk krige moandei it earste eksimplaar fan it nije Fryske hânwurdboek. Dêryn wurde Fryske wurden yn it Frysk omskreaun en útlein. By de Fryske Akademy is tweintich jier wurke oan it twadielige wurdboek. De gruttere Fryske wurdboeken wiene oant no ta oersetwurdboeken Frysk-Nederlânsk of Nederlânsk-Frysk.
Fjouwer redakteuren fan de Fryske Akademy hawwe jierren wurke oan 'e Frysk-Fryske edysje. Der steane 70.000 wurden yn it nije hânwurdboek.