Skearnegoutum wint Fr. damjen

© Omrop Fryslân
De finale fan it FK Frysk damjen gong sneon yn Easterein tusken Hartwert en Skearnegoutum. It wie in spannende wedstriid. Skearnegoutum kaam al gau foar. Stoffel_Bouma, ien fan de sterke spilers fan Hartwert, ferseach him en moast it nei 20 minuten al opjaan.
Skearnegoutum koe de foarsprong folhâlde en úteinliks waard it 4,5 om 3,5. Skearnegoutum waard dus kampioen, foar it earst. Earder wie de klub yn de breedte altyd krekt wat te swak.