M-F lyk, ferlies Drachten

© Omrop Fryslân
De sealkuorballers fan Mid-Fryslân spilen sneontejûn yn de haadklasse mei 22-22 lyk tsjin Tempo yn Alphen aan den Rijn. Twa minuten foar de ein stie de ploech út Reduzum en Grou noch twa punten foar: 20-22. Marvin Smorenburg wie mei fjirtjin doelpunten fierwei de tûkste skutter oan de kant fan Mid-Fryslân.
Drachten ferlear yn Zoetermeer mei 25-20 fan De Meervogels. De Drachtsters stean no op it lêste plak, Mid-Fryslân is twadde. SCO spilet snein tsjin Vada.