Plysje hâldt ynslûper oan

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter is freedtenacht oanhâlden nei in achterfolging oer de dakken fan wenningen oan de Bleeklaan. De plysje wie warskôge dat der ien oer it dak fan in earder bankgebou rûn. Nei in syktocht oer de dakken en troch achtertunen fan de huzen, seagen plysjeminsken in túndoar iepenstean.
De bewenner miende dat er syn húsgenoat thúskommen heard hie, mar de plysje fûn de Ljouwerter (36). Hy siet ferstoppe achter in doar. De man is oanhâlden foar ynslûpen.