Schouwenaar trainer De Jouwer

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser De Jouwer hat foar takom seizoen in nije trainer. Gerrie_Schouwenaar út Ljouwert wurdt de opfolger fan Wieb_Rodenhuis. Dy hâldt oan de ein fan it seizoen op as trainer fan De Jouwer. Schouwenaar hat in kontrakt tekene foar in jier, mar it leit yn de bedoeling om langer mei-inoar troch te gean.
Schouwenaar wie ûnder oare assistint-trainer by Cambuur en yn Saûdy-Araabje wie er assistint-trainer fan Foeke_Booy.