Flyers ferlieze fan Grins

Grins wie te sterk foar de Flyers (foto Martin de Jong)
De Flyers hawwe woansdeitejûn wer ferlern. Foar sa'n 900 taskôgers giene de iishockeyers yn Thialf mei 5-1 ûnderút tsjin Grins. It wie it fjirde duel dat dit jier ferlern waard. Allinich Nick de Jong wist foar de ôffallende Flyers te skoaren. De perioadestannen wiene 0-2, 1-3 en 0-0.
Foaral yn de ôfwurking hawwe de Feansters in probleem. Mei de nije spiler Paul Vincent hopet it team sneon tsjin de nûmer twa, Tilburg, in better resultaat te heljen.