Deaslach by speedboatûngelok

It plak fan it speedboatdrama
De twa mannen dy't ferantwurdlik holden wurde foar it fatale speedboatûngelok ferline jier, wurde fertocht fan deaslach. De Ljouwerters moatte op 10 febrewaris foarkomme. It giet om de 39-jierrige eigner fan de boat en in 45-jierrige man dy't oan it stjoer siet fan de boat.
It ûngelok barde 7 juny op it PM-kanaal by Grou, doe't de speedboat mei grutte snelhied tsjin in frachtskip opfear. Dêrby kaam in 42-jierrige man út Jellum om it libben.