Beskerming 11-stêdetocht frege

Gjin kommersje by Alvestêdetocht
De Alvestêdetocht moat opnommen wurde op de list fan kultureel erfguod fan de Unesco. Sa moat yn ´t foar kommen wurde dat de tocht in kommersjeel sirkus wurdt. Dat fynt de ´Partij voor de Dieren´ yn de Twadde Keamer.
Dy partij hat oanwizings dat Unox grut útpakke wol mei reklame by de earstfolgjende tocht. De partij hat dêr fragen oer steld oan minister Plasterk fan kultuer.