Elma dochs op natoeriis

Elma de Vries
Elma_de_Vries docht moandei mei oan de twadaagse fan Ankeveen op natoeriis. Fanwege har dielname oan it EK moast de rydster tongersdei it Nederlânsk Kampioenskip op natoeriis oan har foarby gean litte.
De Vries waard fan 't wykein sânde op it EK allround. Sy pleatste har net rjochtstreeks foar it WK yn Hamar. Ein jannewaris docht sy mei oan in skate-off foar de twadde searje world cup wedstriden en mooglik it WK.