Anschütz wint 1500 m op EK

© Omrop Fryslân
De 1500 meter foar froulju op it Europeesk Kampioenskip reedriden is snein wûn troch Daniela_Anschütz. Sy die dat yn in tiid fan 1.57,21. Dêrmei wie se rapper as Claudia_Pechstein en Paulien_van_Deutekom. Elma_de_Vries waard njoggende mei 2.00,97.
De froulju ride letter snein noch de fiif kilometer. Yn it klassemint stiet Pechstein boppe-oan, foar Anschütz en Van_Deutekom.