Kofje struie en fris stelle

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn in kantine yn Drachten is in grutte partij kofje oer de grûn stuid en frisdrank stellen. De kantine is eigendom fan in feriening. De ynbrekkers kamen it gebou oan 'e Ringwei yn troch in rút te fernielen. Dêrnei klauden se alles oeral en makken se der in bende fan.
De ynbraak fûn plak yn 'e nacht fan freed op sneon. In 76-jierrige Drachtster hat út namme fan 'e dupearre feriening oanjefte dien.