Mayon Kuipers wint FK froulju

De winners fan it FK koartebaan
Mayon Kuipers (20) fan It Hearrenfean hat it Frysk kampioenskip koartebaan foar froulju wûn. Dat waard freedtejûn hâlden op de iisbaan fan Balk. In soad konkurrinsje krige Kuipers net, oan it kampioenskip dienen mar alve rydsters mei. Sa die Thijsje Oenema fan De Jouwer - woansdei noch Nederlânsk kampioen wurden - net mei.
It twadde plak yn Balk wie foar Jorien Kranenborg fan It Hearrenfean en tredde waard Frederika Buwalda fan Makkum.