Vitens hat lek boppe wetter

Wetterbedriuw Vitens kin noch net sizze wannear´t ynwenners fan Súdeast-Fryslân wer wetter ha. It bedriuw hat wol de oarsaak fan ´e steuring fûn. Dy wurdt feroarsake troch in lek yn in transportlieding tusken De_Gordyk en De_Tynje.
Vitens is dwaande de lieding ôf te sluten en ynwenners lâns oare liedings fan wetter te foarsjen. Dêrnei sil it gat yn ´e lieding makke wurde. Under oare ynwenners fan De Gordyk en Drachten hiene lêst fan de steuring.